15-04-2011

Rob Faltin

Rob Faltin

Beperking

Begjin maart naam ik foar mysels it beslút om allinnich noch mar berjochten te skriuwen yn myn eigen taal: it Frysk. Eintsjebeslút is it noch altyd sa, dat ik foar mysels skriuw en net foar in oar. Op it stuit dat ik wat kwyt wol dan deponear ik dat op it grutte web. Jierren lang hie ik in Nederlânsktalige blog, ik tocht nammentlik dat it wichtich wie om yn dy taal te skriuwen. Sa koe ik mear minsken berikke, wie myn ienfâldige tinken. Ik hie dêrby net tocht oan dy minsken yn myn eigen omjouwing en provinsje dy’t it miskien wol nijsgjirrich fine soenen wat dat mokkeltsje no krekt allegearre yn harren memmetaal opskriuwt.
In pear kollega’s fan my beklaaie harren der oer dat ik myn berjochten op Twitter (en dermei ek de keppeling nei Facebook en Hyves) foaral yn it Frysk doch. Sy fine dat ik mysels beperk. Krekt datjinge wat mysels eartiids der fan wjerhâlde it yn it Frysk te dwaan wurd my no troch dy pear minsken ferwiten. Ik moat sizze dat ik my ek wol spyt dat in pear fan myn hollânske ynternet”freondinnen”  no mear muoite dwaan moatte om my te folgjen mar dat giet net om folle minsken.
Ien fan dy, fierders hiele aardige kollega’s is hikke en tein yn ús haadstêd. No dan soene jo eins wol ferwachtsje moatte (of júst net) dat se op har minst wol in bytsje Frysk ferstean kin. Foaral dy koarte berjochtsjes soe dochs kinne moatte. Mar nee hear, sy kin it net.
No is my dat dan fierder ek wol bêst, sa ferskrikkelik wichtich bin ik no ek wer net, mar ik krige dochs in bytsje in skuldgefoel oanpraat troch har doe’ t sy my der op oanspruts de ôfrûne wike. Har reaksje wie: doch it yn it Hollânsk, dan kin elkenien fan dyn “freonen” it lêze, oars hat it gjin doel en skriuw dy berjochtsjes. ‘Huh’.... dat wie eins it ienige dat ik sei. Sa’n koarte huh, net sa’n lange hege Húúh?, mar sa’n ien mei de toan nei ûnderen ta.
“Huh” dus... en fierder sei ik neat, ik tocht allinnich mar. En ik tocht... eins wol grappich. Sy fine dat ik mysels beperk troch allinnich yn it Frysk te skriuwen. En sy dan? Myn kollega’s dy’t al jierren yn Fryslân wenje, of der sels berne binne kinne net in wurd Frysk ferstean of lêze. Oer beperking sprutsen.
Ik tink dat as ik troch gean mei myn eigen skriuwerij en by mysels bliuw mear minsken reitsje kin dan te skriuwen yn in taal dy foar my kâld oanfield.
It kin ek oars: by it fuortgean fan myn wurk hjoed wie der ek in oar dy sei: “Ik kan het prima lezen hoor, en ik kom uit Eindhoven”. Mar ja, miskien telt dizze jonge net hielendal: punt 1: hy is  hiel snoad, en punt 2: syn freondinne hjit fan Jellema of sa.

12-04-2011

Chez Dolly Encore grut sukses


Hjirûnder it stikje sa as ik it skreaun ha foar www.stjoerder.nl:


Evenemint: Chez Dolly ‘Encore’
Troch: Toanielselskip “Nim it sa’t is”
Rezjy: Agnes Zeinstra
Datum: 9, 10 en 11 april
Plak: De Lytse Fjouwere, Itens


“Se doare wol” hearden se in soad yn Itens it ôfrûne wykein. De Lytse Fjouwere wie foar ien wykein folsein omtovere ta in nachtklup. Trije jûnen efterelkoar waard it publyk fermakke mei de tragikomeedzje Chez Dolly ‘Encore’.
It hiele doarpshûs wie it dekor fan it stik.  Sawol op it poadium as oan de bar waard er spile. Al by it binnenkommen fan de seal sieten de gasten yn it stik: earst moasten jo lâns befeiligers en by de kapstokken waard troch sjarmante froulju jo jas oannaam. In saksofoanorkest waarme it publyk op en in oeraktive gasthear (Klaas Oldenburger) wize de minsken harren plak.
It meast fernijende wie wol de kombinaasje fan toaniel en film. In gouden fynst fan regisseuze Agnes Zeinstra, dy’t tegearre mei Martie de Vreugt it hiele stik foarm jûn hat.  In tal scenes wie fan te foaren opnaam en op in grut skerm te sjen. De moaie wize fan filmen krige it publyk hielendal mei. Yn it skoft gie de fertoaning gewoan troch mei it duo Hains de Vries en Carla van Hoorn op piano en sang.
It is wis dat der noch lang yn it doarp en fier dêr bûten neipraat wurde sil oer bygelyks de travestyact fan Sjoerd (Wytse Bouma) en it hyltiden siker wurden fan Dolly (Paula Korbach). 
De oare grutte rollen wienen foar Jan Bootsma, Janny Bouma, Margje van der Velde, Ronald Postma, Elisabeth Abels en Agatha Roozendaal.