26-07-2011

Spulwike

Wy ha twa bern: in jonge en in famke. Dat wol sizze, yn gedrach wol ús soan noch wolris in âld wiif wêze en ús famke in woeste rover. Fansels hat it er mei te krijen dat ús mantsje "licht autistisch" is en ús faam altyd drok. Yn faktermen hjit dat PDD-NOS en ADHD.
Foar dyjinge dy' t dat noch net wisten: dan witte jimme dat no.

It komt er yn de praktyk op del dat ús kroast faaks krekt efkes oars op dingen reagearret as oare bern. Fandêr ek dat it in pear jier duorre hat foardat ik ús bern opjaan koe foar de Spulwike. Yn Littenseradiel al mear as 35 jier in begryp.

Justermoarn koe ik Soan ôfleverje op it sportfjild, Dochter mei moarn.
Foar Soan steane der fjouwer dagen fan bûten boartsje op de aginda. "Mem? Hoech ik net beslist oan alles mei te dwaan?" Nee, dat hoecht net, ast der mar by stiest en oanmoedichst, dat is ek al goed. "Sucht"
Justermiddei rûn healwei ienen gie de tillefoan: Soan: "Wol mem my ophelje, ik bin sa wurch! Nee, fierder is alles goed hear, mar ik bin gewoan wurch." Tefolle prikkels op ien dei. Mar hy woe graach de oare dagen wol wer.
Hjoed moast ik skjinne klean mei jaan, want, sa stie der op it briefke: "kinst goed wiet en smoarch wurde" . Ik wie fansels op alles taret en socht fan' e middei om healwei fjouweren nei in skjin jonkje mei wiet hier yn oare klean as fan' e moarn. Mar fansels ús mantsje net hear: "Ik tocht: it moat mar net!" En letter ûnder it iten: "Eins wie it ek wol slim fan my, want al dy oaren stienen te klapperjen fan de kjeld"
Hast wie it misgien: ien fan de lieders fan in oare groep tocht ûnferwacht Soan dochs efkes it wetter yn te krijen. Doe't Soan hast boas wurde soe gripe in buorjonkje fan ús yn. Hy lei hiel kreas út dat it better wie Soan gewurde te litten. Buorjonkje is dan ek myn held.
Mar noch gruttere held is Soan sels! Wat seach hy tsjin alles op, en wat docht hy it goed. Rêstich kin hy no foar himsels opkomme as hy echt net wol. Hoe oars wie dat in pear jier lyn. By it lytste spultsje krige hy in útbarsting.
Moarn stiet er swimmen op it program...
Wedzje dat hy dan wol meidocht?
Mei it frijswimmen dan.