01-09-2011

As it iten dien is en de bern nei bêd moatte

As wy al fan tafel binne sit Dochter noch oan har toetsje. Yntusken binne wy safier dat wy gewoan fuort geane. Dochter fynt (“nim in hap”) it dan lang net sa gesellich as oars en yt (“nim in hap”) frij flot (“nim in hap”) har bakje leech (“nim in…” “Ik ha it al lang op mem!” “okee”)
Ûnder it iten ha ik al sein dat wy fuortendaliks nei it iten nei de badkeamer geane. Soan protestearret: “Méhém, máaarrrr ik woe noch mei de lego! En wêrohom, ik bin noch lang net wuhurch!!”
As Dochter einliks klear is, is Soan fansels dochs noch mei de lego oan’ e slach gien. Ik rin op him ôf en ûnder protest wol ik him nei de badkeamer triuwe. Dan sjoch ik dat Dochter nei bûten glûpt is: Nei heity, dy is oan it gers meanen. Ik stryk oer myn hert: “Okee, ik rop dyn suske earst en as sy klear is yn de badkeamer dan bisto oan de beurt.” “Mei ik ek nei bûten? Ik sit noch sa fol enerzjy!” “Ja hear, flean mar efkes nei bûten. “ “Yes!!!” En fuort is er…
Nei mar twa kear roppen is dêr Dochter al wer. Fluch docht se har krokjes út en se fleant de badkeamer yn. Wylst se (ik bin der ferbaasd fan) yn deselde haast har klean útlûkt freegje ik har: “Sille wy ek noch efkes puffe? Do hearst sa benaud?” “Nee hear (piip), ik ha (piip) nergens (piip) lêst fan.” “Okee dan gean ik dy wol earst tosken poetse.” “Mei ik dochs earst wol in puf... “Ja hear”, en mei in glimke om myn mûle tel ik foar har fan ien oan te mei 20. Yntusken telt Dochter mei har fingers mei. Earst fingers der by, en by tsien eltse kear der wer fingers ôf. As de hantsjes fan Dochter wer twa fûsten binne, binne wy klear.
Dan it toskpoetsen. Ik ha net de ideale klean oan. Ik draach in tunykje mei twa toutsjes. Dochter fynt it nochal nijsgjirrich en pakt se fêst, draait der rûntsjes mei om har fingers. Yntusken giet se sjongen yn har eigen ûnfersteanbere miks fan Ingelsk en Frysk. As ik by de boppetosken bin begjint Dochter oan har noas te prutsen; it kribelt. Foarsichtich besykje ik har wibeltosken te sparjen, wat net hielendal slagget (“Mgghhhiuuuhhh”, “Oh sorry, giet it?” “Mgghhhuu”) . Dat ik it net goed sjen kin om’t se har hannen der foar hat sis ik mar net.
Nei it spugen wol ik noch sizze dat se har mûle efkes mei wetter ôfspiele moat, mar it is al te let. De toskpoetsresten sitte al op’ e handoek.
“Dochst dyn nachthimd efkes oan?” “Ja hear!” (stuiter stuiter) “Moai...” (stuiter stuiter) “Wat is der, moast earst nei it húske?” (stuiter stuiter)” Ja...” “No gean dan!” “Okee” “Dochst dan dêrnei dyn nachthimd oan?” “Okee!”
En ik rin nei bûten ta om Soan te heljen.
Goh wat in lekker waar ek. Ik rin mei it gefoel dat ik aanst noch efkes badmintonne wol (Ofkikke fan fakânsje duorret by my efkes) de tún yn en snúf de lucht fan farsk meand gers op.
Soan rint mei reade wankjes efter my oan nei binnen ta.
Werom yn de badkeamer stiet Dochter dêr noch yn har ûnderguod. “Wêr is dyn nachthimd?” “Kin ik net fine.” “Hy leit dêr op de râne fan it bad.” “Oh ja...”
Ik rjocht my op Soan. Tegearre mei him sjoch ik yn de spegel. Ik besykje him foar te dwaan hoe hy syn mûle it bêste hâlde kin as ik syn ûndergebit poets. “Sa” “Sa?” “Nee sa”, “Sa...”, “nee sa... Grrr...” “ohh Grrr...”
Fansels giet it wer net hielendal goed. Soan hat muoite mei de kontrôle te hâlden oer syn gesichtsspieren. By it poetsen is ek dizze kear wer syn ûnderlippe hast stiif tsjin de tosken oan. Mei in grapke slagget it om it wat losser te krijen. By de boppetosken reitsje ik per ûngelok syn nije kies. Is noch wat gefoelich en dat levert my in enoarme knau op! “MHHHMMMHHH.” Lokkich pakt er himsels fluch wer byelkoar. Soks rint sa gau út op in ûntploffing, mar it falt dizze kear mei. Miskien komt dat om’t Dochter yntusken mei de holle yn it bad leit en mei de kont der noch bûten: “Help? Wa helpt my?” “Ik kin net helpe, ik bin dyn broer oan it toskpoetsen. Do rêdst dysels mar...” “Ja marr... Hèlp?” As ek Soan klear is mei poetsen helpt hy syn suske wer oerein. Yn har hân hat se har nachthimd mei op de foarkant in moaie “glow-in-the-dark”-ûle derop. Se lûkt him oan. “Hé, dyn ûle is fuortflein!” “Huh?” Dochter sjocht nei ûnderen. “Oh hihi” en se draait har nachthimd om. Tegearre gnize wy noch efkes om it grapke fan de fuortfleine ûle.. “Moast ek noch efkes dyn piltsjes hawwe hè?” “Ohhh jaaah... Bassie...” (hat se fan de tillefysje). Ik stopje Dochter eigenhannich twa lytse melatoninepiltsjes yn’ e mûle. Mei rûtine stoppet se se ûnder har tonge.
Soan giet ek noch efkes nei it húske (“hast dyn hannen wosken?” “Jaaahaaa”) en tegearre geane de twa bern nei de foardoar om harren heit noch in dikke tút te jaan.
It sil jimme net ferwûnderje dat Dochter nei' t ik har nei bêd brocht hie, noch ien kear ûnder kaam om’t se in pop ferjitten wie. Soan frege my noch of hy noch efkes lêze mocht en waard op’ e nij efkes boas doe’t ik útlei dat it al te let wie.

Yntusken is it alwer in pear oeren letter. En de rêst is al lang werom yn’ e hûs. It is in hiel gepiel en foaral in kwestje fan in soad negatyf gedrach negearre en de saak posityf benaderje, mar dan slagget it wol faaks de bern op’ e tiid sliepe te litten. En ik bin dan grutsk... Wy hawwe it bêst wol moai sa...

Ultime Rockmomint

Praat mar Frysk hie in priisfraach wêr't kaarten foar "Bohemia" fan it Iepenloftspul fan Jorwert te winnen wiene. Troch dy priisfraach kaam der fan alles by my boppe. Dat soarge foar dizze mail:

Goeiemiddei team fan Praat Mar Frysk,

Moaie aksje hawwe jimme wer. It hellet moaie ferhalen by my boppe. Bygelyks it folgjen fan elk optreden fan de band Wiegels Wjukkelmasine, ik wie dêr sa’n bytsje in groupie fan. Mar ek de liveferslaggen dy’t ik fan Aaipop yn Nijlân makke yn de begjinjierren fan Radio Markant wiene moaie rockmominten.
Op dit stuit geane myn man en ik noch wolris nei in konsert yn it Gelredome of Ahoy. Wy geane dan mei de kemper en oernachtsje dan op it parkearterrein. Wekker wurde yn in Amerikaanske GMC Vandura troch de biezemwein fan de gemeentereiniging is absolute rock!
Mar as ik no kieze moat foar dizze aksje pak ik in oar rockmomint. Nammentlik ien fan myn earste. En dat is in optreden fan de band I Owe You yn “de lytse Fjouwere” te Itens. It sil begjin jierren 90 west ha. Ik wenne doe noch net yn Itens, mar fia in kunde fan my bedarren wy dêr. Ik wist doe al: dat wol ik letter ek! De passy fan de fjouwer mannen wie geweldich en ik ha my altyd ôffrege wêrom se fierder nei de tiid neat mear mei harren talint diene. En dan ha ik it benamme oer de seksy sjonger Wybo Smids. Harren ferzje fan “Best genôch” fan Piter Wilkens fûn ik folle moaier en ek it eigen nûmer “Take me as I am” kin ik no noch sa sjonge! En dat wylst ik dochs al wol in jier as wat it kassettebandsje en de cd net draait ha. Ik bin der wis fan dat it no noch altyd in hit wurde kin.
Myn hert kloppet op dit stuit eltse kear in bytsje hurder as ik lâns de oankundigingen fan it Iepenloftspul ryd. Wybo is wat âlder, foller yn it gesicht miskien, mar noch altyd hiel seksy.

En dan tink ik wer werom oan dy tiid fan I Owe You, yn dy lytse kroegen. En jûns lûk ik by it nei bêd gean ien fan myn IOU T-shirts oan (sjoch bylage/foto) en hoopje deroer te dreamen. Spitich genôch is dat noch net bard.

Mar miskien nei it winnen fan de kaarten wol.


Mei groetnis,

Carla van Hoorn

Ik ha de kaarten net krigen. Oaren hienen moaiere mominten... fûn de sjuery... Mar sa as in lytse poppe troch harren âlders as de aldermoaiste fan de hiele wrâld besjoen wurd, fyn ik dat fansels fan myn rockmomint ek... Moai no?