01-09-2011

Ultime Rockmomint

Praat mar Frysk hie in priisfraach wêr't kaarten foar "Bohemia" fan it Iepenloftspul fan Jorwert te winnen wiene. Troch dy priisfraach kaam der fan alles by my boppe. Dat soarge foar dizze mail:

Goeiemiddei team fan Praat Mar Frysk,

Moaie aksje hawwe jimme wer. It hellet moaie ferhalen by my boppe. Bygelyks it folgjen fan elk optreden fan de band Wiegels Wjukkelmasine, ik wie dêr sa’n bytsje in groupie fan. Mar ek de liveferslaggen dy’t ik fan Aaipop yn Nijlân makke yn de begjinjierren fan Radio Markant wiene moaie rockmominten.
Op dit stuit geane myn man en ik noch wolris nei in konsert yn it Gelredome of Ahoy. Wy geane dan mei de kemper en oernachtsje dan op it parkearterrein. Wekker wurde yn in Amerikaanske GMC Vandura troch de biezemwein fan de gemeentereiniging is absolute rock!
Mar as ik no kieze moat foar dizze aksje pak ik in oar rockmomint. Nammentlik ien fan myn earste. En dat is in optreden fan de band I Owe You yn “de lytse Fjouwere” te Itens. It sil begjin jierren 90 west ha. Ik wenne doe noch net yn Itens, mar fia in kunde fan my bedarren wy dêr. Ik wist doe al: dat wol ik letter ek! De passy fan de fjouwer mannen wie geweldich en ik ha my altyd ôffrege wêrom se fierder nei de tiid neat mear mei harren talint diene. En dan ha ik it benamme oer de seksy sjonger Wybo Smids. Harren ferzje fan “Best genôch” fan Piter Wilkens fûn ik folle moaier en ek it eigen nûmer “Take me as I am” kin ik no noch sa sjonge! En dat wylst ik dochs al wol in jier as wat it kassettebandsje en de cd net draait ha. Ik bin der wis fan dat it no noch altyd in hit wurde kin.
Myn hert kloppet op dit stuit eltse kear in bytsje hurder as ik lâns de oankundigingen fan it Iepenloftspul ryd. Wybo is wat âlder, foller yn it gesicht miskien, mar noch altyd hiel seksy.

En dan tink ik wer werom oan dy tiid fan I Owe You, yn dy lytse kroegen. En jûns lûk ik by it nei bêd gean ien fan myn IOU T-shirts oan (sjoch bylage/foto) en hoopje deroer te dreamen. Spitich genôch is dat noch net bard.

Mar miskien nei it winnen fan de kaarten wol.


Mei groetnis,

Carla van Hoorn

Ik ha de kaarten net krigen. Oaren hienen moaiere mominten... fûn de sjuery... Mar sa as in lytse poppe troch harren âlders as de aldermoaiste fan de hiele wrâld besjoen wurd, fyn ik dat fansels fan myn rockmomint ek... Moai no?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten