09-03-2013

Iepen brief oan Jochem Myjer

Bêste Jochem Myjer,

Ik haw, krekt as dy, in foarleafde foar Texel. Ik kin my yntinke dat jimme de simmerfekansje net op Texel trochbringe sille. It eilân is dan oerspield mei Jochemspotters.

Wy sille ek dit jier wer nei it Woutershok by Den Burg en ik soe it hiel noflik fine no al te witten datsto dan net op it eilân bist.
Troch myn ADD haw ik oanstriid om de folsleine trije wiken fan ús fekansje myn Jochemradar oan te setten.

Ek al bist er wol, sis dan dat it net sa is. Dat soe my in hiel soad rêst jaan.

Tankewol alfêst,

Carla