01-12-2012

Sjoppe yn'e stêd

Fan hús út haw ik meikrigen dat as heit my wat freget dan doch ik dat. Dat is respekt foar dyjinge dy't tegearre mei mem derfoar soarge hat dat ik op'e wrâld kaam bin.
Dat as heit my dan skillet om efkes nei it wurk de stêd yn te gean foar in elektroanysk boartersguodsje en dat hy dan wol soarget dat de bern te plak komme nei skoalletiid dan doch ik dat. Ik hie it mier al in bytsje yn om't ik de filebui al hingjen seach, mar och, sa koe ik efkes "lekker" Sinteklazesjoppe.

Ik moat tajaan, ik wie der yn in sucht en in skeet. 3 km ôfstân tusken parkearplak wurk en parkearplak winkelsintrum. Bytsje mazzel mei it parkearplakje, der gie krekt ien fuort en it doaske mei elektroanika lei al foar my klear.

In gefoel fan folsleine frijheid kaam oer my doe't ik op it klokje seach dat it noch mar kertier oer trijen wie en de wittenskip dat de bern noch lang net ûnwennich fan my wiene. Mei goede moed stapte ik de winkel yn wêrfan de namme liket op dy fan in sportskoalle en by it ynrinnen fan de saak foel my op dat it er ek sa rûkte. In mjuks fan sâlte switdamp en soerige alcoholasem boarre myn noastergatten wiidiepen. Lavearjend tusken it publyk troch socht ik nei lytsguod foar de surprises fan de bern foar it skoallesinteklazefeest. Hoi kollega... Ach gossie wat in skatsje dêr yn dy bernewein... Nee hear jo steane der hielendal net foar... Geane jo mar earst. It presintsje foar it famke hie ik al ridlik gau fûn. Foar it jongespresintsje koe ik neat gaadliks fine, dat ik tôgje nei de kassa. Ik seach it gea ris oer en betocht my yn ien tel. Subtyl liet ik it boartersguod efter en naai út, de trep del en fuort! Nei bûten!

Dan mar efkes nei dy saak wêr't se sizze dat se net gek binne. Ien blik yn'e de doariepening en ik wie wer fuort. Wol 100 tillefysjes oan mei allegearre itselde beweegjende byld, dêr kin dit mokkeltsje net sa hiele goed oer. Tefolle prikkels. No soene je sizze kinne, dan sjochst er dochs net nei. No sa wurket dat by my net. Ik moat er dan júst wol nei sjen. Kin soks net helpe.

Nei in oerke hie ik ferskate winkels ynwest en neat kocht. Myn man soe wiis mei my wêze. Sa'n súnige frou. Doe de auto yn. En de dyk op... Sjoch earst mar ris it parkearplak ôf te kommen. En dan dy hiele stêd wer troch. Om kertier oer fjouweren. Wylst de spits op gong komt harkje ik nei in JanneWietske dy't út'e skroeven is mei har finaleplakje yn the Voice... Oh nee sorry... Yn de race om dy kulturele haadstêd te wurden. Dat giet oer deselde stêd wêr't ik yntusken al in heal oere besykje út te ontsnappen. Tsjin fiven ryd ik dan mei myn lytse brikje ús eigen gritenij yn en by de lokale supermerke helje ik rap wat te iten foar de jûns. Thús hear ik noch krekt it lêste stikje fan it fraachpetear mei ús Orakel Rypma en sa begjint stadichoan de rêst wer wat by my yn te sakjen.

Letter op'e jûn, lang neidat dúdlik wurden is dat friezen wis en warachtich wol oer ynternet beskikke en sels sa gek yn'e holle binne jild te fergriemen oan djoere smskes sjogge wy nei in reklameblokje: everyday low pricing, high service: nu gratis bezorging.

Ik hie my dat ritsje dus besparje kind. It pakketsje hie gewoan fergees thúsbesoarge wurde kind.

Mar dan hie ik no gjin blogje hân. Dat dan wer net.