15-02-2013

Krekt wer wat foar my

Fannemoarn de bern nei skoalle brocht en trochriden nei it wurk. Op it parkearplak oankaam kloppe in kollega tsjin it rút. Och och wat gesellich sa op'e betide moarn. En sa bedarre ik op it wurk. In oare kollega moast wat besoarge hawwe tichtby de skoalle fan de bern en fansels woe ik dat fannemiddei wol elkes dwaan. Ik wie dêr ommers dochs om de bern op te heljen. Út myn wurk wei rûn ik yn de avesearstân nei de auto ta en ik socht alfêst yn myn bûsen nei de kaai dy't er net wie. Om't ik yn plaatsjes tink seach ik in byld opkommen fan in kaai noch yn it kontakt fan de auto. By de auto oankaam waard dat byld befestige. Ik wie fannemoarn sûnder nei te tinken útstappe. Ôflaad troch myn kollega. Dat doe de ANWB mar wer belje. It is net de earste kear dat soks bard. Yntusken pake en beppe ynskeakele foar de opfang fan de bern en ik wachtsje... Oja. De boadskip kin net dien wurde. Ik belje: ja, it mocht oare wike ek wol as ik de bern nei skoalle brocht. Bêst genoch! In oere letter as pland wie ik wer ûnderweis.
Gesellich bakje dien by heit en mem en ús famke hat sels noch efkes mei in klasgenoatsje boartsje kind dy't tichtby wennet. Mei in gefoel fan it hie sa wêzen moatten gie ik tsjin healwei seizen op hûs oan. De bern koene nammentlik sa ek harren moaie rapport sjen litte oan pake en beppe. Dy hiene se krigen foar de foarjiersfekansje.

Sjoet ... Foarjiersfekansje...

No moat ik oare wike dochs noch spesjaal foar myn kollega nei stêd foar dy boadskip. Wat in .... bin ik dochs...