24-03-2011

Twa learmominten hjoed

Ien

In jier as 8 lyn tink ik sil it west ha dat ik op myn wurk in spesjale klik hie mei in kollega. Ik seach har in bytsje as in sielemaatsje yn' e muzyk. Ek yn oare kreative útspattingen koe ik mysels yn har fine. Boppedat hie sy deselde hege gefoelichheid nei minsken ta as ik.
Doe't sy foar har gelok keas en net foar it jild, troch ûntslach te nimmen op it wurk, waard myn respekt allinnich mar grutter.
Fia it ynternet; Hyves en letter Facebook hâlden wy kontakt. Sa no en dan krige ik in berjochtsje fan har en har bezichheden. Tige nijsgjirrich fûn ik dat, en dat fyn ik noch altyd. Ek myn grutte respekt foar har persoantsje is net feroare.
Mar fan' e middei, yn' e stêd, kaam ik har tsjin. Bern ien toarke wat om har hinne en wylst wy koart mei elkoar sprutsen seach se hastich op har klokje: "Kin it noch wol? Want bern twa komt sa fan skoalle". "Hoe is it mei de muzyk?" "No it leit in bytsje stil op it stuit" "En mei de oare kreativiteiten?" "No, dêr komt it net sa fan op it stuit. Drok mei wurkjen en de bern no?"
Ik begripe it. Ik moast selst ek wer op hûs oan. Ús bern soene ek net lang mear op harren wachtsje litte. Yn sân hasten die ik myn boadskippen en werom yn' e auto seach ik fluch op it klokje: Kin it noch wol? Want de bern komme sa fan skoalle.
Ynienen oerfoel my in soarte fan rêst. Wat is it noflik te witten dat der mear binne as ik: eins nearne tiid foar. Mar dochs nim ik myn tiid wol. Mei grutte stipe fan myn man. As ik útflean jûns is hy der foar de bern. En dêrmei ek foar my. Sa ferkeard ha ik it noch net.

Twa

Ferline jier koe ik mar min opsjitte mei in bepaalde persoan, en ik koe mysels net betinke werom. Doe' t ik nei it boadskipjen fan' e middei thús kaam, trof ik har. En nei it bekende "Wat in moai waar net, we treffe it mar" kaam har ferhaal der út. Se hie in dreech jier hân. Foaral it lêste part fan it jier wie hiel swier west.
Op dat stuit wie alles sa klear as wat foar my. Ik sei har: "No begryp ik, wêrom ik net by steat wie goed mei dy te praten." Ik bin noch al gefoelich as it giet om minsken dy' t it swier ha, mar der neat oer sizze wolle of kinne.
Wy ha ôfpraat ynkoarten wer ris in bakje kofje mei-elkoar te dwaan.

Sinne

De hiele dei skynt de sinne en fansels doe't ik fan'e middei út it wurk wei op myn túnstoel bûten delplofte seach ik dit:

Lokkich kaam de sinne frij flot wer werom, mar dochs tocht ik efkes, is dit in hint?

Wat is it noflik net? Sa moai te wenjen...

23-03-2011

Swak fleis

Ien kear  yn' e moanne is it fleis swak: it is krekt as witte se dat by de supermerke. It wie yn' e reklame.... Grrrrrrrrr. Mar wol lekker!

22-03-2011

Ien wurd (oersetting fan One Word- Anouk)

Ien wurd
 
Ik lis my del
Yn myn tinzen bist hjir
Wie der wier echt gjin hoop mear
As it noch koe
Freegje ik dy
Ferjou my
Ik ha neat dien, sa’ st bliuwe koest
Ik ha neat sein, sa’ st bliuwe koest
As ik witten hie
Hie ik besocht mear foar dy te dwaan
Mar ik ha neat dien
Of sei in wurd
Ien wurd

Ik wit net werom, mar do bist fuort, no bist fuort
Gjin tútsje en gjin aai
Nea giest út myn tinzen wei
It rûn ynienen oars as it yn myn dreamen gie

Do bist, myn stjerke oan’ e himel

Ik wit net hoe
Ik it oars sizze soe
Alles fielt faaks sa sinleas
Ferjit no nea, te jaan wat ik  ha
Ferjou my
Ik koe wier neat dwaan sa’ st bliuwe koest
Ik koe wier neat sizze sa’ st bliuwe koest
As ik witten hie
Hie ik besocht mear foar dy te dwaan
Mar ik ha neat dien
Of sei in wurd
Ien wurd

Ik wit net werom, mar do bist fuort, no bist fuort

21-03-2011

Asosjaal?

Nei in machtich moaie kuiermiddei yn de bosken fan Oranjewoud, bedarre ik mei ús gesin by de MacD. Der wie safolle reklame makke foar dy apel-par-milkshake, dat woenen wy wolris priuwe.
Neist ús kaam in man mei trije bern oan rinnen; it type heachfleaner. Dochter ien (ik neam har mar Madelon) wie in jier as 10. Soan (in soarte fan Diederik) sil 9 wêze en dochter twa wie ûngefear trije jier âld. Har namme wie Stephanie. Dat wit ik seker. Heit plante de bern op de bank mei de opdracht sa lang sitte te bliuwen oant hy wer werom wie. Fansels slagge dat net en Madelon hie it mar drok mei har suske: "Nee Stephanie, je moet blijven zitten van pappa. Je krijgt zo geen ijsje Stephanie... Stephanie, wat zei ik nu... nu krijg je helemaal niks meer."
Ik krige hyltiden mear troch wat de reden fan de mem wie ôfwêzich te wêzen. Mar goed, jo moatte fansels foarsichtich wêze mei soksoarte fan oannamen. Der kin like goed in hiel drama efter dit ien-âlder-gesin sitte.
Doe't Pappa wer werom kaam by de tafel siet allinnich Diederik der noch. Mei syn spencer en yntelliginte briltsje hong hy wat ûnderútsakke en kaam mar in bytsje omheech om te sjen wat er op it blêd stie.
De beide dochters wienen rap wer werom en stoarten harren op it lekkers. Madelon die har hierknippe, om har hier frij út it gesicht te hâlden noch efkes goed en doe wie it efkes stil oan tafel.
De stilte waard al fluch ûnderbrutsen troch Pappa. Hy hâld in jonge Mac-meiwurker oan: Zeg jongeman, haalt u even servetten voor mij? Pappa knipte noch krekt net mei syn fingers.
Yntusken seach ik fan harren tafel nei dy fan ús, seach nei it boesgroentsje fan Pappa, en dêrnei nei it flotte strykfrije bloeske fan myn man. De bern neist mei hienen soarchfâldich kombinearre klean oan: alletrije yn sachtblauwe tinten. It koe sa op in staasjeportret foar de Kwote 500. Ús bern hiene âlde broeken mei gatten yn de knibbels oan. Yn it bosk is dat folle nofliker as kreas guod.
It fjouwertal wie earder as ús klear en as makke lamen tôgen de bern efter Pappa oan.
It sil jimme net ferbaze, en it ferbaasde my al hielendal net dat de tafel sûnder ôfromjen efter litten waard.
Oan' e oare kant fan ús tafel hiene se ek mei begrutsjen nei it gesin sjoen. De frou fan dy oare tafel sei sa moai:"Volgens mij hebben ze zich vergist in het type restaurant en niet goed gekeken naar het aantal sterren op de deur."

Uterlik sa kreas, mar yn gedrach sa asosjaal. En ik betocht my yniens, en wy meie fêst dik meibetelje oan syn belestingweromjêfte fan syn te djoere wente.