21-03-2011

Asosjaal?

Nei in machtich moaie kuiermiddei yn de bosken fan Oranjewoud, bedarre ik mei ús gesin by de MacD. Der wie safolle reklame makke foar dy apel-par-milkshake, dat woenen wy wolris priuwe.
Neist ús kaam in man mei trije bern oan rinnen; it type heachfleaner. Dochter ien (ik neam har mar Madelon) wie in jier as 10. Soan (in soarte fan Diederik) sil 9 wêze en dochter twa wie ûngefear trije jier âld. Har namme wie Stephanie. Dat wit ik seker. Heit plante de bern op de bank mei de opdracht sa lang sitte te bliuwen oant hy wer werom wie. Fansels slagge dat net en Madelon hie it mar drok mei har suske: "Nee Stephanie, je moet blijven zitten van pappa. Je krijgt zo geen ijsje Stephanie... Stephanie, wat zei ik nu... nu krijg je helemaal niks meer."
Ik krige hyltiden mear troch wat de reden fan de mem wie ôfwêzich te wêzen. Mar goed, jo moatte fansels foarsichtich wêze mei soksoarte fan oannamen. Der kin like goed in hiel drama efter dit ien-âlder-gesin sitte.
Doe't Pappa wer werom kaam by de tafel siet allinnich Diederik der noch. Mei syn spencer en yntelliginte briltsje hong hy wat ûnderútsakke en kaam mar in bytsje omheech om te sjen wat er op it blêd stie.
De beide dochters wienen rap wer werom en stoarten harren op it lekkers. Madelon die har hierknippe, om har hier frij út it gesicht te hâlden noch efkes goed en doe wie it efkes stil oan tafel.
De stilte waard al fluch ûnderbrutsen troch Pappa. Hy hâld in jonge Mac-meiwurker oan: Zeg jongeman, haalt u even servetten voor mij? Pappa knipte noch krekt net mei syn fingers.
Yntusken seach ik fan harren tafel nei dy fan ús, seach nei it boesgroentsje fan Pappa, en dêrnei nei it flotte strykfrije bloeske fan myn man. De bern neist mei hienen soarchfâldich kombinearre klean oan: alletrije yn sachtblauwe tinten. It koe sa op in staasjeportret foar de Kwote 500. Ús bern hiene âlde broeken mei gatten yn de knibbels oan. Yn it bosk is dat folle nofliker as kreas guod.
It fjouwertal wie earder as ús klear en as makke lamen tôgen de bern efter Pappa oan.
It sil jimme net ferbaze, en it ferbaasde my al hielendal net dat de tafel sûnder ôfromjen efter litten waard.
Oan' e oare kant fan ús tafel hiene se ek mei begrutsjen nei it gesin sjoen. De frou fan dy oare tafel sei sa moai:"Volgens mij hebben ze zich vergist in het type restaurant en niet goed gekeken naar het aantal sterren op de deur."

Uterlik sa kreas, mar yn gedrach sa asosjaal. En ik betocht my yniens, en wy meie fêst dik meibetelje oan syn belestingweromjêfte fan syn te djoere wente.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten