24-03-2011

Twa learmominten hjoed

Ien

In jier as 8 lyn tink ik sil it west ha dat ik op myn wurk in spesjale klik hie mei in kollega. Ik seach har in bytsje as in sielemaatsje yn' e muzyk. Ek yn oare kreative útspattingen koe ik mysels yn har fine. Boppedat hie sy deselde hege gefoelichheid nei minsken ta as ik.
Doe't sy foar har gelok keas en net foar it jild, troch ûntslach te nimmen op it wurk, waard myn respekt allinnich mar grutter.
Fia it ynternet; Hyves en letter Facebook hâlden wy kontakt. Sa no en dan krige ik in berjochtsje fan har en har bezichheden. Tige nijsgjirrich fûn ik dat, en dat fyn ik noch altyd. Ek myn grutte respekt foar har persoantsje is net feroare.
Mar fan' e middei, yn' e stêd, kaam ik har tsjin. Bern ien toarke wat om har hinne en wylst wy koart mei elkoar sprutsen seach se hastich op har klokje: "Kin it noch wol? Want bern twa komt sa fan skoalle". "Hoe is it mei de muzyk?" "No it leit in bytsje stil op it stuit" "En mei de oare kreativiteiten?" "No, dêr komt it net sa fan op it stuit. Drok mei wurkjen en de bern no?"
Ik begripe it. Ik moast selst ek wer op hûs oan. Ús bern soene ek net lang mear op harren wachtsje litte. Yn sân hasten die ik myn boadskippen en werom yn' e auto seach ik fluch op it klokje: Kin it noch wol? Want de bern komme sa fan skoalle.
Ynienen oerfoel my in soarte fan rêst. Wat is it noflik te witten dat der mear binne as ik: eins nearne tiid foar. Mar dochs nim ik myn tiid wol. Mei grutte stipe fan myn man. As ik útflean jûns is hy der foar de bern. En dêrmei ek foar my. Sa ferkeard ha ik it noch net.

Twa

Ferline jier koe ik mar min opsjitte mei in bepaalde persoan, en ik koe mysels net betinke werom. Doe' t ik nei it boadskipjen fan' e middei thús kaam, trof ik har. En nei it bekende "Wat in moai waar net, we treffe it mar" kaam har ferhaal der út. Se hie in dreech jier hân. Foaral it lêste part fan it jier wie hiel swier west.
Op dat stuit wie alles sa klear as wat foar my. Ik sei har: "No begryp ik, wêrom ik net by steat wie goed mei dy te praten." Ik bin noch al gefoelich as it giet om minsken dy' t it swier ha, mar der neat oer sizze wolle of kinne.
Wy ha ôfpraat ynkoarten wer ris in bakje kofje mei-elkoar te dwaan.

2 opmerkingen:

  1. twa moaie stikjes. Ek ynt lêste stik kin ik my fyne.
    Herkenbaar.Hypergefoelich he...mar dat hat ek syn moaie kanten, en faak een leerproces....
    dikke tuut!!!!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Tankewol! Sa wie it doe dochs ek in bytsje of net? Lokkich kin ik mei myn hypergefoelige kant de lêste tiid folle better omgean en slagget it my it te signalearen, mar net mear mei my mei te dragen. Earst hie ik dêr wol muoite mei. Ach, ik wurd ek âlder hè!

    BeantwoordenVerwijderen