16-11-2012

Suffe nerd

Sûnt maart dit jier haw ik in iPhone. Myn man seit wol dat ik mear troud bin mei dy tillefoan dan mei him. En it is wier.. Ik besteegje in soad tiid oan dat apparaat.
Ik gie der dan ek fan út dat der gjin geheimen en riedsels wiene foar my. Fan eltse app haw ik ferstân.

As jimme sjogge nei myn bloch dan falt op dat ik sûnt de komst fan myn tillefoan net mear blogt ha. Yn'e haadsaak komt dat troch it feit dat de kompjûter net folle mear oan is (iPhone is it foar my no) en it is in sport wurden om yn 140 karakters dúdlik te meitsjen wat my dwaande hâld. Mei oare wurden: Twitter.
Dizze bloch wie yn mobile ferzje net hiel handich. Tocht ik...

Oant no ta. Yniens betocht ik my: Soe der ek in app foar wêze? En fansels! Ek foar dizze blog is in app.

Dat fanôf no sil ik wer ris wat faker in blochje skriuwe. Kinne jimme ek op'e hichte bliuwe fan wat er op myn paad komt troch de stimmebank fan www.praatmarfrysk.nl. En ek mei de band www.baconandbones.nl bart er fan alles. Sil ik ek sa no en dan wat oer skriuwe.

En oh ja: Ek netFacebookfreonen kinne my no in berjochtsje stjoere op Facebook. Ek dat wie ien fan de riedsels dy't hjoed ûntrafele is. Ik krige eltse kear útnoegings mar gjin taljochting en fûn it eins in bytsje aso. Mar wit no dat it net oars koe. Hie de ynstellingen net goed stean. Ja, ek ik wit net alles. In soad.. Mar net alles...