12-04-2011

Chez Dolly Encore grut sukses


Hjirûnder it stikje sa as ik it skreaun ha foar www.stjoerder.nl:


Evenemint: Chez Dolly ‘Encore’
Troch: Toanielselskip “Nim it sa’t is”
Rezjy: Agnes Zeinstra
Datum: 9, 10 en 11 april
Plak: De Lytse Fjouwere, Itens


“Se doare wol” hearden se in soad yn Itens it ôfrûne wykein. De Lytse Fjouwere wie foar ien wykein folsein omtovere ta in nachtklup. Trije jûnen efterelkoar waard it publyk fermakke mei de tragikomeedzje Chez Dolly ‘Encore’.
It hiele doarpshûs wie it dekor fan it stik.  Sawol op it poadium as oan de bar waard er spile. Al by it binnenkommen fan de seal sieten de gasten yn it stik: earst moasten jo lâns befeiligers en by de kapstokken waard troch sjarmante froulju jo jas oannaam. In saksofoanorkest waarme it publyk op en in oeraktive gasthear (Klaas Oldenburger) wize de minsken harren plak.
It meast fernijende wie wol de kombinaasje fan toaniel en film. In gouden fynst fan regisseuze Agnes Zeinstra, dy’t tegearre mei Martie de Vreugt it hiele stik foarm jûn hat.  In tal scenes wie fan te foaren opnaam en op in grut skerm te sjen. De moaie wize fan filmen krige it publyk hielendal mei. Yn it skoft gie de fertoaning gewoan troch mei it duo Hains de Vries en Carla van Hoorn op piano en sang.
It is wis dat der noch lang yn it doarp en fier dêr bûten neipraat wurde sil oer bygelyks de travestyact fan Sjoerd (Wytse Bouma) en it hyltiden siker wurden fan Dolly (Paula Korbach). 
De oare grutte rollen wienen foar Jan Bootsma, Janny Bouma, Margje van der Velde, Ronald Postma, Elisabeth Abels en Agatha Roozendaal. 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten