24-02-2013

Opsoute!!

Ús garaazje mei platte dak grinzet oan it skoalplein en dat noeget út om der op te klimmen as der wer ris in bal op skopt wurdt.
Sa ek fannemiddei. En dan giet it petear sa:
"Van het dak af!"
"Bal"
Van het dak af!!"
"Bal!"
"Ik zeg: van dat dak af!!"
"Ja maar de bal!!"

De mem yn kwestje fynt it blykber in grutter probleem dat ik dêrnei "En nu opsoute!!" rop dan dat har soan op gjin inkelde wize blike lit it slim te finen dat er betrape is. Hy sei like hurd werom: "sout ff lekker zelf op!"

Oer de tillefoan lit se witte dat se har bern leart op deselde wize tsjin minsken te praten as der tsjin harren praten wurd. It wie dan ek folslein terjochte dat hy dat tsjin my sei. En boppedat sei se: "Dat jij een probleem hebt met communiceren dat kan jij ook niet helpen, dat is ook niet erg, maar..."

Ik haw de rest mar net mear oanheard. Ik ha ophongen foardat se har ferhaal ôfmeitsje koe.

Blykber kin ik net kommunisearje. Wêrom belje ik dan. Se begrypt it fêst wol dat ik ophingje. Wol moai, in buorfrou dy my begrypt.

Ik begryp der allinnich sels hielendal gjin bal fan. Mar ja, dat kin ik ek net helpe no? Dat is no ien kear myn beperking...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten