28-04-2011

Fjoerfoks

Ik wurkje no ûngefear in wike mei Fjoerfoks (of ek wol Firefox). Op'e site fan Praat mar Frysk kinst útfine hoest it yn it Frysk krije kinst.
No komme der de lêste tiid wer fan dy rotsoai-meeltjes binnen oer updates fan it Internetbankieren.
Dan kin ik it net litte en druk dochs efkes op dy link. En wat fyn ik ús taal dan moai.
Sa'n moaie warskôging ha ik noch nea krigen op myn kompjoeter. It is suver hast proaza... sucht.... ik hâld fan it Frysk! Mar der stiet in typfoutsje yn. Wa sjocht it ek!?

5 opmerkingen:

  1. No it is sa dus, oere is oare. Yn dyn kommentaar stiet no noch ien flaterke, sjoch mar ris goed, it is suver hast net te finen!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Goeie Carla,

    Ik kaam tafallich yn google dyn opmerking tsjin en do hast gelyk, dat is in typflater.
    As makker fan de Fryske ferzje sil ik dat ynkoarten ferbetterje. Ast mear flaters tsjin komst dan hear ik dat graach. Dizze flater sil yn ferzje 9 fuort wêze.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Wat in aardichheid, in reaksje fan Fjoerfoks! Ik brûk noch altyd de Fryske ferzje, dat seit genôch tinkt my. As ik nochris wat tsjin kom dan wit ik jo te finen. Groetnis, Carla

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Siz mar do of dy hear :) .
    Graach, alle flaters binne wolkom en makket de oersetting en dêrmei ek Firefox of oare programma's fan Mozilla allinnich mar better.

    BeantwoordenVerwijderen